Ljouwert tenei 'akademysker'

17 okt 2013 - 16:31

De binnenstêd fan Ljouwert moat in 'akademysk klimaat' krije troch studinten mear fasiliteiten te bieden. Se studearje no noch foaral bûten de binnenstêd op ien fan de trije hegeskoallen, mar hawwe ferlet fan gaadlike stúdzjeromte yn de binnenstêd. Tresoar wol dy stúdzjeromte biede.

It ynstitút sil de kommende winter it tal stúdzjeplakken útwreidzje fan 80 oant 180 om mear plak te hawwen foar studinten. Der komme ek romtes foar stúdzjegroepen.

De gemeente Ljouwert, Tresoar, Stichting Leeuwarden Studentenstad en de University Campus Fryslân hawwe tongersdeitemoarn in oerienkomst tekene foar it fersterkjen fan it akademysk klimaat yn de Fryske haadstêd. Njonken it stúdzjeplak yn de binnenstêd komt der ek in mienskiplike yntroduksjewike foar nije studinten fan alle HBO-opliedings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)