Arriva wol plak Fyra ynnimme

Arriva wol rappe treinen ride litte tusken Amsterdam en Brussel dêr't earst de Fyra ride soe. Dat soe se dwaan tegearre mei de Deutsche Bahn. Arrivadirekteur Anne Hettinga hat de plannen dêrfoar tongersdei yn de Twadde Keamer bekend makke.
Neffens Hettinga soene ein takom jier njoggen treinen deis op it trajekt ride kinne. In pear jier letter soene der dan echte hege snelheidstreinen ride kinne. Neffens Hettinga hat Arriva in better alternatyf foar de Fyra as dat de NS op 't heden te bieden hat.
Hettinga wol dat de steatssekretaris yn alle gefallen noch gjin beslút nimt en earst de plannen fan Arriva besjocht.