'Plysje moat taksy regelje'

17 okt 2013 - 11:45

In 29-jierrige Drachtster is woansdeitejûn oanhâlden, om't er hieltyd om 'e nocht mei it neednûmer 112 belle. De man woe ûnder oare dat de plysjemeldkeamer in taksy foar him regele.

De plysje warskôge de man, mar hy gie troch mei beljen. Dêrom helle de plysje de man thús op, út syn hûs oan De Lauwers yn Drachten. Hy is oerbrocht nei it plysjeburo. Dêr sit er fêst foar ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)