Te hurd op de A7

Goed tweintich autobestjoerders hawwe woansdei op de A7 in bekeuring krige foar te hurd rieden. De kontrôles wiene by de kop fan de Ofslútdyk en by Snits.
De hurdste rider stode mei 176 kilometer yn de oere by Wûns del. Dêr is 130 it maksimum. By Snits krigen sân bestjoerders in boete. De rapste ried dêr 131. Op dat stik mei net hurder riden wurde as 80 kilometer yn de oere. De lasergunkontrôle op te hurd riden fûnen plak yn it ramt fan de aksje 'A7 feilich'. Mei-inoar giene 23 bestjoerders op de bon.