Frou rint swiere brânwûnen op

© Anton Kappers
Yn in wenning oan de Boeijer yn Grou hat in frou woansdeitejûn slimme brânwûnen oprûn, doe't se brânende floeistof oer har hinne krige. Twa ambulânses en in traumahelikopter waarden ynsetten om help te ferlienen. In flesse mei de floeistof soe by de iepen hurd stien hawwe en omfallen wêze. De frou is earst stabilisearre en doe nei in parkearterrein brocht dêr't de helikopter stie. Letter is sy nei it sikehûs yn Grins brocht.