Ynbraak yn 'Vrouwenpoort'

16 okt 2013 - 21:46
Ynbraak - Foto: Omrop Fryslân

By in ynbraak yn in restaurant oan de Vrouwenpoort yn Ljouwert binne tiisdei 17 kratten mei staasjejildflessen stellen. Boppedat is der ek ark en diggelguod meinaam.

De plysje tinkt dat de dieven gebrûk makke hawwe fan in auto of frachtwein om alles meinimme te kinnen. De doar fan it restaurant wie iepenbrutsen.

Trefwurden: 
Ljouwert Vrouwenpoort
(Advertinsje)
(Advertinsje)