Fryslân wol rappe treinen

Fryslân driget de rappere treinen fan de takomst mis te rinnen. De NS wol ferskate stikken spoar oanpasse op in hegere snelheid, mar it stik spoar nei Ljouwert heart dêr net by. De PvdA, ChristenUnie, GrienLinks en de VVD yn Provinsjale Steaten fine dat net terjochte. Sy wolle dan ek dat deputearre Kramer nei it kabinet tagiet om te regeljen dat ek it Fryske spoar oanpakt wurdt.
It kabinet hat twa miljard euro útlutsen foar de oanpassings en neffens de Fryske partijen heart dat jild ek nei Fryslân te gean.