EVT: koart pleit

© Omrop Fryslân
De Eigen Veerdienst Terschelling (EVT) spant in koart pleit oan tsjin it beslút fan steatssekretaris Mansfeld dat de rederij net mear op Skylge farre mei. De EVT seit dat it beslút ûnrjochtmjittich is en dat se farren bliuwt. De rederij seit him stipe te fielen troch de Europeeske Kommisje, dy't resint sein hat dat it monopoalje net samar oan konkurrint Doeksen jûn wurde mei.
De Twadde Keamer hat Mansfeld ek om opheldering frege. Yn novimber sil de polityk der oer debatearje.