'Fear iepenbier oanbesteegje'
De feartsjinsten nei de Waadeilannen moatte op termyn iepenbier oanbestege wurde, krekt as de trein- en busferbinings. Dat fynt Aukje de Vries, keamerlid foar de VVD.
Se reagearret dêrmei op it beslút fan steatssekretaris Mansveld om Doeksen foarearst de tsjinsten op Flylân en Skylge te gunnen, en net de EVT.