Offal by Steatsboskbehear

© Steatsboskbehear
By Sigerswâld hat Steatsboskbehear in dump fan wietôffal fûn op har terrein. It guod siet yn plastik pûden en wurdt troch de natuerorganisaasje nei it stoart brocht. Mei de gemeenten yn Súdeast-Fryslân is ôfpraat dat Steatsboskbehear dêr net foar betellet, mar de oeren dy't it kostet op it guod op te romjen en fuort te bringen, moatte wol betelle wurde. De ôffaldump stiet net op himsels, seit boskwachter Denny Kroeze. By Jobbegea binne koartlyn âlde autobannen achterlitten en ek dumpe minsken geregeld túnôffal yn de natuer.