Gjin grutte reedrydtoernoaien

16 okt 2013 - 15:03

Nederlân krijt yn it reedrydseizoen 2015-2016 gjin inkel grut toernoai tawiisd troch de ISU. En dat wylst dan it nagelnije Thialf en de Icedôme yn Almere yn gebrûk naam wurde. Ek de shorttracktoernoaien binne net oan Nederlân gund. It is foar it earst yn 15 jier dat der gjin ynternasjonaal toernoai yn Nederlân hâlden wurdt. Neffens de webside www.schaatsen.nl soe Nederlân passeard wurde om't de KNSB earder dit jier in wrâldbekerwedstriid weromjoech oan de ISU.

Direkteur Eelco Derks fan Thialf fynt it spitich dat der gjin grutte toernoaien nei syn stadion komme. Dêrtroch mist Thialf ek ynkomsten. De eksploitaasje sil dêr op oanpast wurde. Yn de Provinsjale Steaten is teloarsteld reagearre op it nijs dat Nederlân, en dus ek Thialf, gjin grutte ynternasjonale toernoaien krijt.

Trefwurden: 
Thialf reedriden ISU
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)