Farrûte om Snitser flat hinne

Foar de oanlis fan in farrûte tusken de Geeuw en de Wâldfeart ha boargemaster en wethâlders fan de gemeente Súdwest Fryslan grien ljocht jûn. De kosten fan de oanlis wurde rûsd op 2.4 miljoen euro. Der is ek besocht om temjitte te kommen oan winsken fan omwenners. Sa giet de feart net troch de Pottersylflat hinne, mar der omhinne. Ek is der in oplossing fûn foar it fytspaad by de Lemmerweg del.
Omwenners wiene benaud dat se troch de nije brege steil omheech fytse moasten. Der komt in beweechbere brêge fan 1.50 heech.