Hannel: gjin lêst fan Ruslân

De diplomatike ûnrêst tusken Nederlân en Ruslân hat gjin ynfloed op de hannel tusken beide lannen, dat seit de Metaalunie. It is dit jier Nederlân-Ruslân jier, mar al wiken binne der spanningen. Op de Metaaluniejûn yn Ljouwert stiet it tongersdei net op de aginda, om't de hannel der kwalik lêst fan ha sil, tinkt de organisaasje.
Ek it programma fan de stúdzjereis fan NHL Hogeschool en Stenden nei Ruslân is net oanpast nei de reltsjes. Dit wykein sille 22 studinten foar twa wike nei Ruslân, der stiet gjin diskusje op it programma.