Visser:noed oer takomst Skylge

16 okt 2013 - 12:16

Skiedend boargemaster Jurrit Visser fan Skylge makket him soargen oer de politike situaasje op it eilân. De polityk is neffens him bot op himsels rjochte en boartet mei fjoer as it giet om de selstannichheid fan de gemeente. Ek de krisis binnen de partij Plaatselijk Belang Terschelling is net goed en moat oplost wurde om wer in stabyl bestjoer te krijen. Visser nimt freed, nei tsien jier, ôfskied as boargemaster.

By in falpartij op in fakânsje yn Turkije krige hy sûnensproblemen. It gefolch fan de sykte fan Ménière, die bliken út ûndersyk.

Hy waard min ofte mear twongen om syn funksje as boargemaster del te lizzen. Eilanners kinne freed op in resepsje ôfskied nimme fan Visser. In langer ynterview mei de boargemaster is op Omrop Fryslân Televyzje te sjen yn it programma Bynt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)