Waadfûns:minder Fryske plannen

Minder as de helte fan de Fryske plannen dy't yntsjinne binne by it Waadfûns, wurde honorearre. Yn totaal hawwe Fryske inisjatyfnimmers fan 1 oktober ferline jier ôf 26 plannen yntsjinne. Dêrfan wurde mar 12 útfierd. Fryslân 'skoart' dêrmei folle minder as Grinslân en Noard-Hollân. Grinslanners hawwe 14 projekten yntsjinne, wêrfan't 9 posityf beoardiele binne; Noard-Hollân krijt by 13 fan de 17 plannen grien ljocht.
PVV-fraksjefoarsitter Oto van der Galiën hat krityk op ferantwurdlik deputearre Tineke Schokker. Hy tinkt dat de beide oare provinsjes it Waadfûns better ferkeapje yn it eigen gebiet. Deputearre Schoker ûntkent dat. Neffens har tinke de ferantwurdlike deputearren fan it Waadfûns oan it totale Waadgebiet.