'Ynvestearje mear yn kultuer'

16 okt 2013 - 11:55

De gemeente Ljouwert moat mear ynvestearje yn de kultuer, want it kulturele oanbod rint werom en dat kin kwalike gefolgen ha foar it festigingsklimaat en oare belangen fan de stêd. Dat is de konklúzje fan it rapport Cultuurkaart, dat yn opdracht fan de kulturele organisaasjes fan Ljouwert makke is. Ljouwert is fan doel de kommende jierren jierliks 9 ton te besparjen op kultuer, wylst de gemeente folle minder jild kwyt is oan kultuer as oare gemeenten, omdat de grutte musea foar rekken komme fan de provinsje en it ryk.

Yn oanrin nei de ferkiezings fan 13 novimber sille direkteuren fan Ljouwerter musea, teaters en oare kulturele ynstellings de polityk besykje mei te krijen. Want kultuer leveret Ljouwert in miljoen euro mear op as dat it de gemeente kostet, sa docht bliken út it ûndersyk.

Trefwurden: 
Ljouwert kultuer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)