Jild, ark en servys stellen

16 okt 2013 - 11:16

Ut in restaurant yn Ljouwert binne santjin kretten mei staasjejildflessen stellen. De eigener fan it restaurant oan de Frouwepoart ûntduts de ynbraak tiisdeitemiddei. Ek ark en servys is stellen. Dieven ha nei alle gedachten in auto brûkt om al it guod mei te nimmen. Se ha in doar stikken makke om binnen te kommen.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)