Boetes ynbard by kontrôle

16 okt 2013 - 10:56

De Belestingtsjinst hat tiisdei beslach lein op 19 auto's en in boat mei oanhinger fanwege iepensteande belestingskulden. Dat barde by in grutte kontrôle op de A7 tusken It Hearrenfean en De Jouwer. Yn totaal binne 7450 auto's kontrolearre. Seis auto's binne úteinlik fuortsleept, omdat de skulden sa heech wiene dat in betellingsregeling gjin doel hie. Fjirtjin oaren hawwe de belestingskuld fuort betelle. De plysje ynkassearre by deselde aksje mear as 2800 euro oan iepensteande boetes.

Trefwurden: 
plysje boete Belestingtsjinst
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)