Soad ark bút by stellerij

16 okt 2013 - 10:48
Ynbraak - Foto: ANP XTRA

By in ynbraak yn in bedriuwsloads yn Goaiïngahuzen is in soad ark stellen. De eigener fan it gebou oan de Swettewei ûntduts tiisdeitemiddei dat er aardich wat miste, wêrûnder twa meanders, in wetterpomp, 100 liter disel en in ferskaat oan elektrysk ark.

Trefwurden: 
plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)