Jonge (16) mei baltsjepistoal

16 okt 2013 - 10:35

In 16-jierrige Lemster is tiisdeitemiddei oanhâlden om't er mei in baltsjepistoal op in skoalplein omrûn. It wapen liek hiel echt. De plysje hat it yn beslach nommen, lykas de munysje. Hy is heard op it buro en mocht doe wer nei hûs. Hy hat in proses-ferbaal krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)