"Jameimy" ek nei Kanada

Klaasje Postma bringt nij stik 'JAMEIMY' tegearre mei Freark Smink
Nei de foarstelling 'De Emigrant' wol de produsint no ek de foarstelling 'Jameimy' op toernee yn Kanada besykje te bringen. Stichting Pier21 hat sneon de lêste foarstelling fan 'De Emigrant' yn Kanada spile. Takom jier soe de foarstelling 'Jameimy' fan Klaasje Postma en Freark Smink nei Kanada moatte. De foarstellings fan 'De Emigrant' wiene sa'n súkses dat produsint David Lelieveld tinkt dat ek 'Jameimy' it goed dwaan sil by de emigranten yn Kanada.
'Jameimy' wurdt yn novimber noch yn Fryslân spile, yn de grutte teaters.
Ek 'De Emigrant' is takom jier yn Fryslân te sjen. Yn 2015 komt de stichting mei in nije produksje, it stik wurdt skreaun troch Bouke Oldenhof yn in regy fan Jos Thie. Freark Smink en Joop Wittermans sille de haadrollen spylje.