Ek Flylân bliid mei EVT-beslút

15 okt 2013 - 22:17

Boargemaster Ella Schadd-de Boer fan Flylân is tige te sprekken oer it beslút fan steatssiktaris Mansveld om rederij EVT te ferbieden persoanen en guod nei Skylge te ferfieren. Fanwege de konkurrinsje rûn Doeksen safolle ynkomsten mis, dat de rederij oankundige guon tsjinsten te skrassen. Dit soarge foar safolle ûnrêst op de eilannen, dat de steatssiktaris sels nei Skylge kaam om de saak te besjen.

Tiisdei makke se har beslút bekend. De direksje fan EVT seit yn berop te gean tsjin it beslút, omdat it tsjin de regels fan Brussel is.

De EVT mei fan 1 febrewaris ôf net mear gebrûk meitsje fan de foarsjennings foar fearboaten yn de havens fan Harns en op Skylge. Op Skylge binne de earste reaksjes dy't Omrop Fryslân helle op it beslút fan de steatssiktaris posityf. De minsken dy't om in reaksje frege waard, binne benammen bliid dat no de rêst werom komme sil.

Trefwurden: 
Skylge Flylân EVT
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)