Kroech mei dei en nacht iepen

15 okt 2013 - 19:51

Hoareka-ûndernimmers op en om it Wilhelminaplein yn Ljouwert meie har saak ein desimber dei en nacht iepen hawwe. It giet om de dagen wêryn't it glêzen hûs fan Serious Request it plein oandocht. Mei it hûs wurdt jild ynsammele om wat te dwaan tsjin bernestjerte troch diarree.

Hoareka-ûndernimmers dy't fan 18 oant en mei 24 desimber 24 oeren deis iepen wêze wolle moatte dêrfoar wol in oanfraach dwaan by de gemeente. De gemeente hopet dat ek winkels yn de binnenstêd fan Ljouwert yn de perioade langer iepen bliuwe.

Trefwurden: 
Serious Request hoareka
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)