Nijbou MCL giet foarearst oer

15 okt 2013 - 17:05

De nijbou fan de operaasjekeamers en de útwreiding fan it hertsintrum fan it MCL-sikenhûs yn Ljouwert giet foarearst net troch. De reden is in konflikt tusken soarchfersekerder De Friesland en it MCL oar in nij soarchkontrakt. It giet om in ynvestearring fan úteinlik sawat tachtich miljoen. Der soe in 'mem- en bernsintrum' mei nije ferloskearmers en in nij operaasjekompleks komme.

Mooglik dat it plan yn de takomst wol útfierd wurde kin, it soe dan ek om in fersobere ferzje gean kinne.

Soarchfersekerder De Friesland wol net reagearje op it nijs, it neamt it in beslút fan it MCL.

Trefwurden: 
nijbou MCL
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)