Aksje foar orgaandonaasje

15 okt 2013 - 12:42

Meiwurkers fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten en it MCL stean woansdei yn it sintrum fan Ljouwert om omtinken te freegjen foar orgaandonaasje. It is dizze wike de Donorwike.

De sikehuzen wolle it publyk wize op it belang om de kar foar of tsjin donaasje fêst te lizzen yn it donorregister. Dêrfoar sille de sikehûsmeiwurkers ynformaasje jaan oan it winkeljend publyk en fragen oer orgaandonaasje beantwurdzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)