Marrumer pakt foar heling

Plysje-embleem © ANP
In 33-jierrige ynwenner fan Marrum is moandeitenacht oanhâlden op fertinking fan heling. De plysje seach de man troch Ljouwert fytsen. Achterop ferfierde er in kompressor. De plysje fertroude it net en spruts him oan. Hy koe net útlizze wêrom't er midden yn de nacht mei in kompressor ûnderweis wie.
De man is in bekende fan de plysje. Doe't de plysje ynbrekkersark yn syn tas oantrof, waard er oppakt. De fertochte sit fêst op it plysjeburo.