Wykeinskoalle foar kultuerles

15 okt 2013 - 12:25

Ljouwert krige in saneamde wykeinskoalle. De skoalle mei de namme Baljee is bedoeld foar bern tusken de 10 en 14 jier dy't fan hûs út hast net yn de kunde komme mei keunst, kultuer, maatskippij en wittenskip. It giet benammen om bern út achterstânswiken. De lessen op sneintemiddei wurde jûn troch gastdosinten.

De Baljee is yn Fryslân de earste wykeinskoalle. De Baljee set útein op 3 novimber yn skoallegebou De Manege oan de Arendstún yn Ljouwert.

Trefwurden: 
wykeinskoalle De Baljee
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)