Stoflik omskot yn fiver

De plysje set de omjouwing ôf foar it ûndersyk © Jaring Rispens
Yn it Wilhelminapark yn Snits is tiisdei oan 'e ein fan 'e moarn in lichem fan in frou fûn. Foarbygongers seagen wat nuvers driuwen yn it wetter en warskôgen de plysje. Dy hat de omjouwing ôfsetten foar ûndersyk. Yntusken hat bliken dien dat de frou net troch in misdriuw om it libben kaam is.
It slachtoffer is in 81-jierrige frou út Snits, dy't wenne yn in fersoargingshûs en sûnt moandeitejûn fermist waard. De plysje hat moandeitenacht in sykaksje op tou set en ek burgernet ynskeakele.