'Mear senioarewenten nedich'

15 okt 2013 - 11:33

De fraach nei senioarewenten yn stêden en gruttere doarpen nimt ta, no't Fryslân hieltyd mear ynwenners fan boppe de 60 jier kriget. Wenningboustiftings en gemeenten moatte dêrop ynspylje. Dat is de konklúzje fan in ûndersyk dat Partoer dien hat yn de gemeenten It Bilt, Frjentsjerteradiel en Súdwest-Fryslân.

Partoer konstatearret dat âlderen fanwege bettere foarsjennings nei gruttere plakken ferhúzje. Boppedat hawwe foaral 75-plussers mear soarch nedich en ferhúzje se dêrtroch nei in fersoargingshûs of in plak flakby sa'n foarsjenning.

Partoer hat it rapport oer it feroarjende wen- en soarchferlet yn Fryslân tiisdei presintearre oan de gemeenten dêr't se it ûndersyk dien hawwe en oan de wenningboukorporaasjes Wonen Noordwest-Fryslân en Elkien. Wenningboukorporaasje Elkien freget him ôf oft it noch wol doel hat om senioarewenten te bouwen yn lytse doarpen. Atsje Tadema fan Soarchsintrum It Bilt ferwachtet dat de migraasje fan âlderein nei sintrumdoarpen de kommende jierren noch folle flugger gean sil. As der mear besunige wurdt op de thússoarch, sille âlderein út harsels wenromte by in soarchsintrum sykje, sa is har ûnderfining.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)