Fernieling op Saailân

15 okt 2013 - 10:54

De plysje hat yn de nacht fan moandei op tiisdei twa 19-jierrige manlju út Ljouwert en Goutum oanhâlden foar fernieling. De twa hiene op it Saailân yn Ljouwert in plantebak omsmiten, dy't dêrtroch skea oprûn. De portier fan in hoarekasaak hie it sjoen en de plysje warskôge.

De plysje spruts de fertochten oan op de fernielerij en sei dat se de skea fergoedzje moasten. De manlju woene dat wol. Se soene jild pinne, mar dat slagge net. De eigener fan de plantebak die doe oanjefte tsjin de twa. Se sitte fêst op it buro.

Trefwurden: 
Saailân fernieling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)