Frontale botsing yn Aldhoarne

In 25-jierrige automobilist út Jobbegea hat moandeitejûn yn Aldhoarne ûnder ynfloed fan drugs in oanriding feroarsake. De man helle op de Skoatterlânskewei in auto yn. Dêr kaam krekt ek in 53-jierrige frou út Delfsyl oanriden. In frontale botsing wie it gefolch.
De frou kaam mei de skrik frij. De man hie in pear lichte ferwûnings. Hy moast troch de brânwacht út de auto weihelle wurde. De plysje hie it fermoeden dat de man drugs brûkt hie en hâlde him oan. Syn rydbewiis is yn beslach naam. Yn de auto fûn de plysje in liter GHB.