Projekt foar better ûnderwiis

14 okt 2013 - 21:53

Op basisskoalle Trianova yn Ljouwert is moandei it startsein jûn foar it projekt 'Onderwijs21'. Doel dêrfan is ûnderwizend personiel te learen hoe't it sels saken op skoalle ferbetterje kin. Op dit stuit wurde dêr noch saakkundigen foar ynhierd. It projekt is betocht troch de hegeskoallen Stenden en NHL yn Ljouwert, de universiteit fan Grins en ûnderwiisbegeliedingstsjinst Cedin.

Op skoallen dy't meidogge oan it projekt wurdt in stazjêre ynset, sadat it personiel tiid hat om it eigen funksjonearjen en de lesmetoades te ûndersykjen.

Trefwurden: 
skoallen projekt Onderwijs21
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)