Aris brekt yn 't lêst

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Lasaulec Aris koene it krekt wer net oprêde yn en tsjin Grins. De thúsploech wûn mei 80-73. De Ljouwerters gongen mei in lytse foarsprong (57-55) it fjirde en lêste kwart yn. Grins wie net tûk, mar hie nei in mislearre skot wol wer faak de bal. Yn it lêste kwart brocht Lance Jeter (yn totaal 22 punten) Aris op ien punt fan Grins: 70-69. Troch in protte persoanlike flaters koe Grins mei frije ballen de winst binnen helje.