Jonge (15) stelt tas

14 okt 2013 - 17:59
Plysje-embleem - Foto: ANP

In jonge fan 15 út de gemeente Menameradiel is moandei oppakt fanwege in strjitrôf. De jonge stiel yn de Sacramentsstrjitte yn Ljouwert de tas fan in 57-jierrige frou út har fytskuorke. In foarbygonger dy't dat seach sette de achterfolging yn en koe de jonge op de Grienewei oanhâlde. Hy waard oerdroegen oan de plysje.

De plysje hat de jonge fêstset foar ûndersyk. De tas is yntusken werom by de eigeneresse.

Trefwurden: 
Ljouwert strjitrôf
(Advertinsje)
(Advertinsje)