Follybal Snits krijt leske

© awfoto.nl
De follybalfroulju fan Snits wiene sneontejûn lang net opwoeksen tsjin Sliedrecht Sport. Binnen in oere wie de wedstriid yn de Snitser Sporthal spile. Sliedrecht Sport wie mei 25-13, 25-14 en jitris 25-14 fierste sterk. Foar Snits wie dit it djiptepunt fan it seizoen. De ploech fan trainster Petra Groenland bliuwt sechsde yn de kompetysje, Sliedrecht Sport klom nei in dield earste plak.