Aksje foar nuchter autoride

14 okt 2013 - 15:34

Yn de diskoteken fan Drachten en It Hearrenfean wurdt kommende sneon aksje fierd tsjin it riden mei drank of drugs op. De aksje is in inisjatyf fan de Stichting Responsible Young Drivers. Dy wol besykje it tal jongeren dat by in ferkearsûngelok om it libben komt nei ûnderen te bringen.

Kommende sneon meitsje fertsjintwurdigers fan de stichting ôfspraken mei de besikers oer it net brûken fan drank of drugs as se noch ride moatte. Oan de ein fan de jûn wurdt test oft de jongeren har dêr oan hâlden hawwe.

Y

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)