Hans Vonk yn byld by It Fean

© awfoto.nl
Hans Vonk wurdt neamd as nije technysk direkteur by Sportklup Hearrenfean. Hy soe de opfolger wurde moatte fan Johan Hansma. Vonk is op dit stuit teammanager by AZ. Dêr wurke hy ûnder oare mei Gertjan Verbeek, dy't krekt ûntslein is.
Vonk wie fan 1996 oant en mei 2004 keeper by SC Hearrenfean en kaam yn 2009 noch ien seizoen werom. De âld-keeper wennet noch hieltyd op It Hearrenfean, op it terrein dêr't earder it Abe Lenstra Stadion stie. Hans Vonk woe gjin kommentaar jaan op it berjocht.