Soad kninen op Skylge

14 okt 2013 - 11:37

Op Skylge libje op dit stuit in soad kninen. Opfallend is dat der hast gjin sike kninen op it eilân binne. Faak soargje sykten lykas myksomatoaze foar in soad útfal, mar dat is hjir net it gefal. Mooglik komt dat trochdat it oantal kninen stadich groeit en se elkoar net folle tsjinkomme. De sykte wurdt nammentlik oerbrocht troch flieën. De kâlde maitiid kin ek noch in rol spile ha.

De kninen binne belangryk foar de natuer, omdat sy soargje foar iepen plakken dêr't fûgels lykas de berchein en de heidehhipper yn de hoalen briede.

Trefwurden: 
Skylge kninen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)