Wer aksjes yn grutmetaal

Stakers metaalbedriuwen by-inoar yn Ljouwert © FNV
Wurkjouwers en fakbûnen yn de grutmetaal binne yn it CAO-konflikt noch gjin stap tichteby elkoar kaam. De FNV driget no mei hurdere aksjes. As der gjin akkoart komt, wurdt der yn Fryslân oer in wike wer staakt.
De metaalwurkers wolle mear lean en ynfloed op de wurktiden. Yn de lytsmetaal is yntusken wól in akkoart. Dêr krije de wurknimmers mear lean en jongeren krije in ekstra bonus.