LDODK wint twastriid fan SCO

13 okt 2013 - 16:25

LDODK hat snein de Fryske twastriid mei 17-13 fan SCO wûn. Yn Aldeholtpea naam LDODK fan it begjin ôf oan de lieding. By rêst stie der in 8-5 tuskenstân foar de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool op it boerd. Nei rêst rûn LDODK ienfâldich út nei 13-5 foardat SCO wat werom dwaan mocht. De Aldeholtpeasters wisten de skea yn in goede einfaze noch wat te beheinen.

De Hoeve ferlear yn in drege wedstriid mei 9-8 fan Groen Geel. Mid-Fryslân waard oerklast troch Wageningen. Nei in 11-3 tuskenstân rûn Wageningen út nei in ienfâldige 16-8 oerwinning.

Troch de oerwinning giet LDODK as 'Hjerstkampioen' de seal yn, wêr't de ploech útkomt op it heechste nivo, de Kuorbal League.

Trefwurden: 
kuorbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)