Lykspul foar Snits Wyt Swart

Logo VV Snits Wyt Swart © Omrop Fryslân
Koprinner Snits Wyt Swart hat snein thús mei 1-1 lykspile tsjin MSC. Yn de earste helte krigen de Snitsers in hânfol goede kânsen. Benammen Mark Homme van der Veen wie ticht by de iepeningstreffer. It ûntbruts de ploech fan Johan Groote lykwols oan skerpte, wêrtroch't by rêst in 0-0 stân op it boerd stie. Nei rêst makke Freerk de Jong de iepeningstreffer. Fiif minuten letter stie de lykmakker fan de gasten út Meppel op it boerd. Age Hains Boersma hie de winnende treffer foar it yntikjen, mar fersomme te skoaren.