FVC wint fan De Jouwer

13 okt 2013 - 16:05

Op eigen fjild hat FVC snein de Fryske twastriid tsjin De Jouwer mei 3-1 wûn. De thúsploech kaam nei 20 minuten spyljen op 1-0 doe't De Jouwer-keeper André Zeldenthuis in hoekskop yn eigen goal wurke. Nei de 2-0 fan Wesley Tankink, soarge Jurre Hogeveen foar de oanslutingstreffer. Topskoarder Ruurd Algra sette FVC foar rêst op in komfortabele 3-1 foarsprong. Nei rêst moast De Jouwer mei 10 man fierder neidat Sido Oosterhof read krige. FVC wist lykwols net te profitearjen fan de man-mear-sitewaasje, wêrtroch't de tuskenstân ek de einstân waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)