Sakebeurs yn Akkrum/Nes

13 okt 2013 - 14:56

Hast 100 lokale ûndernimmers presintearren har sneon en snein op in sakebeurs yn Akkrum/Nes. De feriening bestiet 85 jier en de Stichting Akkrum Ald & Nij makke in tentoanstelling oer dy jierren. It doarp wol mei de beurs harsels op de kaart sette by de gemeente Hearrenfean. Fan 1 jannewaris 2014 ôf is Akkrum ûnderdiel fan dy gemeente.

Oer twa dagen hat de beurs hast 2000 besikers lutsen. Fanwege de positive reaksjes fan besikers wurdt besjoen oft de sakebeurs mooglik faker organisearre wurdt.

Trefwurden: 
Akkrum sakebeurs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)