Flyers ûnderút tsjin Herentals

De Flyers wiene sneon folle sterker as Dordrecht © Nicolien Sijtsema
De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe sneontejûn mei 5-3 ferlern fan Herentals HYC. Op eigen iis sette Andrew Krelove de Flyers betiid op foarsprong. Foar de ein fan de earste perioade namen de gasten út België it inisjatyf lykwols oer. Twa goals binnen ien minút út in powerplay sitewaasje soargen derfoar dat Herentals op 2-1 kaam. Yn in lykopgeande twadde perioade soargen treffers oan beide kanten foar in 3-3 tuskenstân. Yn de lêste perioade wie it krûd by de Flyers damp en gong Herentals der ienfâldich mei de winst fantroch.