Amateurspylfilms yn Snits

13 okt 2013 - 13:37

It lanlike amateurspylfilmfestival yn Snits hat dit jier in rekôrtal dielnimmers. Der binne sa'n 25 films ynstjoerd, 21 dêrfan wurde snein toand. Der binne ek twa Fryske filmmakkers, Henk van der Brug en Auke de Witte. In sjuery jout prizen foar it bêste kamerawurk, bêste lûd, bêste akteur, bêste aktrise en bêste spylfilm.

It festival is fiif jier lyn ûntstien. De takomst fan it festival is ûnwis. Se krije gjin subsydzje mear fan de gemeeente. Foar takom jier siket de organisaasje sponsors. Dit jier ha se it út eigen bûse betelle.

De measte prizen fan de faksjuery giene nei de film "Mol"fan filmgroep Skoep út Numansdoarp. De publykspriis en de priis foar de bêste aktrise giene nei Auke de Witte foar de film "Frou de Vries" en nei Hilde Harms, de haadrolspylster yn 'Frou de Vries'.

Trefwurden: 
Snits amateurspylfilm
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)