Frysk poadium op NK maraton

13 okt 2013 - 12:51

Andrea Deelstra fan atletykferiening AV Hearrenfean is snein Nederlânsk kampioen op de maraton wurden. Se rûn de maraton fan Eindhoven yn in tiid fan 2 oeren, 35 minuten en 39 sekonden. Se waard twadde yn it algemien klassemint. Foar Stefanie Bouma fan Drachten wie der in twadde plak op it NK mei in tiid fan 2:38:18 en tredde waard Mariska Kramer, ek út Drachten, dy't fjirtjin sekonden achter Bouma kaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)