Dûmny Bottenbley riddere

13 okt 2013 - 12:11

Dûmny Orlando Bottenbley hat snein in keninklike ûnderskieding krigen: hy is ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. De 62-jierrige Bottenbley is sûnt 1988 as predikant ferbûn oan de Betheltsjerke fan de Frije Baptisten yn Drachten. Under syn lieding is de tsjerke útgroeid ta in grutte gemeente mei sawat 3000 leden. Dêrneist hat Bottenbley him ynset foar de yntegraasje fan baptistegemeenten yn ús lân en is er adviseur fan de ChristenUnie. Koartlyn is er yn bertelân Suriname begûn mei de bou fan 500 wenningen foar minsken mei in smelle beurs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)