Drachtster stekt mei bierfles

13 okt 2013 - 11:55
Plysjejas - Foto: ANP

De plysje hat sneintemoarn betiid in 28-jierrige Drachtster oanhâlden. De man hie yn de Nachtegaalstrjitte rúzje krigen mei in 32-jierrige plakgenoat. De earste soe de oar mei in stikken bierfleske stutsen hawwe. It slachtoffer hie snijwûnen yn syn wang en syn hannen. De 28-jierrige is oanhâlden en ynsletten. De oanlieding foar de rúzje is net dúdlik.

Trefwurden: 
Drachten plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)