Oenema wint beide 500 meters

Thijsje Oenema wint 500 meter © awfoto.nl
Thijsje Oenema hat sneon yn Deventer twa kear de 500 meter wûn op it toernoai om de IJsselcup. De reedrydster fan De Jouwer ferbettere beide kearen it baanrekôr, earst oant 39,67 en dêrnei oant 39,62. Anice Das fan It Hearrenfean die it ek goed. By de manlju wie Sjoerd de Vries út Twellingea de rapste mei 36,33 en 36,58. Earder makke Jesper Hospes fan It Hearrenfean yndruk mei 35,77, mar hy liet it by ien race.