Gysbert Japicxpriis útrikt

12 okt 2013 - 15:09

Jacobus Q. Smink hat sneontemiddei yn Boalsert de Gysbert Japicxpriis kirgen. Yn de Martinitsjerke rikte deputearre Jannewietske de Vries de priis út oan de dichter. Hy krijt de belangrykste provinsjale literêre priis foar syn bondel Sondelfal. Om it belang fan dizze twajierlikse priis fan Fryslân te ûnderstreekjen is it prizejild ferdûbele nei tsientûzen euro. Dit jier hie de sjuery foar it earst in tal bondels nominearre foar de priis.

Nei ôfrin fan de priisútrikking sette Jacobus Smink yn it bertehûs fan Gysbert Japicx yn it sintrum fan de histoaryske stêd syn hantekening op in balke fan de fliering. Fan alle goed tritich Fryske skriuwers dy't sûnt 1947 de Gysbert Japicxpriis wûn ha, stiet der in hantekening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)